Springe nei ynhâld

Iepenbier Ministearje

Ut Wikipedy

It Iepenbier Ministearje, jamk ôfkoarte ta OM (Openbaar Ministerie), stiet by alle rjochtbanken of gerjochtshôven aktyf yn foar de hânhâlding fan 'e fûneminten fan 'e rjochtsoarder. Op it strafmêd betsjut dit it opspoaren en ferfolgjen fan fertochten fan misdriuwen. It ûndersiket klachten en prosessen-ferbaal en soarget foar de útfiering fan de straffen. Yn boargersaken kin it Iepenbier Ministearje (op eigen ynisjatyf, mar somtiden ek op fersyk fan 'e rjochter) advys jaan oer bepaalde fûnemintele rjochten. Yn inkelde gefallen sil it Iepenbier Ministearje opkomme foar hannelingsûnbekwamen en kin it sels ek bepaalde boargerlike foarderings stelle. Tradisjoneel is it Iepenbier Ministearje de heechste hoeder fan de iepenbiere oarder.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.